Fryslân fiert befrijing

05 maaie 2010 - 13:51

Rûnom yn Fryslân wurde aktiviteiten yn it ramt fan befrijingsdei fierd. Yn Ljouwert is oan it begjin fan de middei it Befrijingsfestival begûn. De organisaasje rekkenet op 100.000 besikers. Publykslûkers binne Junkie XL en sjongeres Ilse de Lange.

De feriening Keep Them Rolling rydt yn it ramt fan 65 jier befrijing mei sechstich âlde legerweinen troch de provinsje. Yn De Pein is in oarlochsmonumint ûntbleate foar in Ingelske bommewerper.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)