Untploffing op skip

05 maaie 2010 - 12:27

Troch in eksploazje yn in skip is tiisdeitemiddei in 37-jierrige Lemster ferwûne rekke. De man wie yn in haven op De Lemmer yn 'e masinekeamer fan in skip oan it skjinmietsjen. Dêrby ûntstie troch ûnbekende oarsaak in ûntploffing.

De Lemster rekke ferwûne oan it gesicht en 'e ûnderearms. De man is mei de ambulânse nei it sikehûs fan It Hearrenfean brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)