Famke falt mei scooter

05 maaie 2010 - 12:24

Yn Noardburgum is yn 'e nacht fan 4 op 5 maaie in 16-jierrich famke ferwûne rekke nei in fal mei de scooter. It famke komt út Kollumersweach. Se seach by it oerstekken fan de Ryksstrjitwei in râne oer de holle. Se foel en rekke ferwûne oan har earm en knibbel.

In foarbygonger hat it famke holpen. Se is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht foar ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)