Oerfal op boumerk Ljouwert

Foto: Omrop Fryslân
De Praxis op it Ljouwerter winkelsintrum Centrale is woansdeitemoarn betiid oerfallen. De meiwurkers waarden bedrige troch in man mei in wapen. Mooglik hat er help krigen fan in twadde dieder. De oerfaller hie in masker op. It is noch net dúdlik wat der stellen is.
De meiwurkers hawwe slachtofferhelp krigen. De plysje is op syk nei tsjûgen dy't moarns om healwei njoggenen ien of twa maskere mannen sjoen hawwe op de Centrale.