Drave mei befrijingsfjoer

Estafetterinners bringe befrijingsfjoer nei Ljouwert (foto: loopgroep Leeuwarden)
In groep hurdrinners út Ljouwert en Grou is tiisdeitejûn mei fakkels op reis gien nei Wageningen.
Dêr sille se by hotel de Wereld it befrijingsfjoer ophelje. Nachts wurdt yn estafettefoarm mei de baarnende fakkels werom nei Fryslân draafd. De ferwachting is dat de groep út Ljouwert om ien oere middeis werom is. De groep út Grou wurdt middeis om healwei fiven werom ferwachte by it Riedshûs.