Agressive heit net frijlitten

De sjitterij wie by de Van Kleffenskoalle op It Fean
De 40-jierrige man út Sweagerbosk dy't yn jannewaris by in skoalle op It Hearrenfean troch de plysje delsketten waard, wurdt net frijlitten. De Ljouwerter rjochtbank hat tiisdei it fersyk fan syn advokaat ôfwiisd. De man dy't yn echtskieding leit, woe syn beide bern sjen op skoalle en stie op it plein mei in mes te swaaien.
In plysjeman dy't de sitewaasje bedriigjend fûn skeat trije kear op de fertochte. Dy rekke dêrtroch swier ferwûne.