Bou REC kin trochgean

Omrin hoecht fan de Ried fan Steat net mei de bou fan de ôffaloven op te hâlden. Stichting Afvaloven Nee hie de Ried fan Steat om in boustop frege. Neffens de tsjinstanners is it noch hielendal net wis oft der in nije miljeufergunning ôfjûn wurdt. Dêrom soe de bou stillein wurde moatte. De Ried fan Steat is it dêr net mei iens.
Yntusken is der in nije oanfraach yntsjinne troch Omrin. De provinsje besjocht no oft de fergunning goed genôch is om yn behanneling te nimmen.