Cambuur hat nije haadsponsor

SC Cambuur hat foar takom seizoen in nije haadsponsor. Bougroep Dijkstra Draisma fan Dokkum tekenet in kontrakt foar ien jier mei in opsje foar noch in jier. De bougroep wie ek al sponsor fan Cambuur, mar nimt no it haadsponsorskip oer fan WTC Expo. WTC wie de lêste fjouwer jier haadsponsor.
Neffens direkteur Alex Pama is it foar de fuotbalklup yn dizze ekonomyske tiden in goeie deal. PAX-groep en LEVO binne takom jier de oare shirtsponsors fan SC Cambuur.