Hotel De Wielen ferdwynt

Hotel De Wielen (foto: Skyscrapercity)
It âlde hotel De Wielen yn Langwar moat plak meitsje foar trettjin nije apparteminten en mooglikheden foar nije hoareka en winkels. It gebou is bot fertutearze en de gemeente Skarsterlân wol dizze lokaasje op de Stevenshoek in kreazer oansjoch jaan.
De earste apparteminten moatte yn 2012/2013 klear wêze. Ek de omkriten fan it âlde hotel wurde opknapt mei mear grien en bankjes. Yn 2015 moat it hiele projekt rûn wêze.