Tal eiders op Skier stabyl

04 maaie 2010 - 11:30

It liket derop dat it stopsetten fan de meganyske kokkelfiskerij yn de Waadsee fertuten docht. Foar it earst yn tsien jier is it tal briedende eidereinen op Skiermûntseach net fierder weromrûn. Eiders binne bot ôfhinklik fan kokkels foar har iten.

Tsien jier lyn wiene der noch 3000 briedpearen, ferline jier noch mar 350 pearen en dat is dizze maitiid gelyk bleaun. Dat betsjut dat it tal briedende eiders stabilisearret. De kondysje fan de fûgels is ek ferbettere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)