Eksposysje yn Rie oer WO II

04 maaie 2010 - 11:01

Rie fiert de befrijing mei in ekposysje oer it doarp yn de Twadde Wrâldoarloch. It 'Comitee Oud Ried' hat fan alles bymekoar skarrele. It giet om spullen lykas in radio út dy tiid, foto's, bonkaarten en ferhalen. De gearstalling is allinnich woansdei te besjen yn it doarpshûs.

Ut it materiaal docht bliken dat der gjin tanks troch it doarp kommen binne en fochten is der ek net. Wol is in oanslach dien op Grietje Sinnema út it doarp dy't mei de Dútsers omgie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)