Man skopt dûk yn auto

04 maaie 2010 - 10:43

De plysje hat moandei op de Voorstreek yn Ljouwert in 42-jierrige man út de stêd oanhâlden fanwege fernielerij. Surveillearjende plysjes krigen in melding dat de man in dûk yn in auto skopt hie.

Tsjûgen koene de plysje de man oanwize. Dy sei dat er tsjin de auto oanskopt hie, omdat de eigner dêrfan de tonge nei him útstutsen hie. Omdat de fertochte de skea wol fergoedzje woe, hat er gjin bekeuring krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)