Jong H'fean lyk tsjin Sparta
Jong Hearrenfean/Emmen hat tsjin Jong Sparta in rommelich seizoen mei 2-2 ôfsletten. Yn Rotterdam wie de Frysk-Drintske kombinaasjeploech yn de earste helte better, mar it bleau 0-0.
Yn de twadde helte kaam de ploech twa kear op foarsprong troch doelpunten fan Michal Papadopulos en Gerry Koning. Goran Popov krige nei in slaande beweging de reade kaart. Jong Sparta kaam fier yn de ekstra tiid (97e minút) op 2-2.
Trefwurden:
argyf