Waadfarders ha skeel mei Ryk

Oersjoch oer it Waad
It konflikt oer de nijste ôfslutings fan gebieten op it Waad foar fiskerij en rekreaasje driget út de hân te rinnen. Belange-organisaasjes fine de ôfsletten gebieten fierstente grut.
Harren beswieren binne ôfwiisd troch it ministearje fan Lânbou, Natoer en Fiskerij. De relaasje mei it ministearje wurdt der net better op en de saak driget no by de Rie fan Steat te einigjen, sa seit foarsitter Jan Asselbergs fan de feriening fan Waadfarders.