Galema: weryndiele foar 2014

03 maaie 2010 - 16:36

Yn 2014 moat hiel Fryslân weryndield wêze. Dat stribjen hawwe deputearre steaten. Fryslân soe dêrmei klear wêze foar de takomst. De provinsje fynt dat gemeentengrinzen net hillich binne.

Der moat sjoen wurde nei hokker gebieten op hokker grutter plak oanwiisd binne. Dy kinne dan mei-inoar fusearje. Deputearre Sjoerd Galema wol dat de gemeenterieden har de kommende tiid al útsprekke oer de takomst. It inisjatyf moat wol fanút de gemeenten sels komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)