Kantine Sint Anne freed klear

03 maaie 2010 - 14:16

Yn Sint Anne wurdt nije wike freed de nije kantine fan Sportkompleks De Waaie offisjeel iepene. Nei in grutte brân yn juny ferline jier is der hurd wurke om gau wer in kantine te bouwen foar de hierders fan it kompleks. It giet om de fuotbalferiening Sint Anne en keatsferiening Drie spul is út. Tal fan frijwilligers út it doarp hawwe yn it spier west om de kantine klear te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)