Menniste tsjerke Hollum klear

03 maaie 2010 - 14:06

De restauraasje fan de menniste tsjerke yn Hollum op It Amelân is betelle mei de opbringst fan 'e ferkeap fan dakpannen. Omdat de tsjerke gjin ryksmonumint is moast op oare wize jild ynsamle wurde.

Bliken die dat ûnder de flier fan 'e tsjerke in partij seldsume Oegstgeester dakpannen lei. Dy binne foar 20 euro it stik ferkocht. Dat smiet genôch op om de tsjerke wer by de tiid te bringen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)