Fytstocht fan cva-pasjinten

© Omrop Fryslân
Acht 70-plussers fytse dizze wike troch waar en wyn om oandacht te freegjen foar de Europeekse Dei fan de Beroerte op 11 maaie. De fytsers binne lid van de CVA-feriening Samen Verder en geane nei alle Fryske sikehuzen dy't CVA-soarch jouwe. CVA is de medyske term foar in beroerte.
By froulju is beroerte deadsoarsaak nûmer ien. As dokters der op tiid by binne, kin hjir in soad tsjin dien wurde. Elk jier krije mear as 41.000 minsken yn Nederlân in CVA.