Skylgers nei Mount McKinley

03 maaie 2010 - 11:37

Trije Skylgers geane tongersdei nei Alaska foar it beklimmen fan Mount McKinley. Jetze de Beer, Laurens Conijn en Frans Tersmette hoopje de lèste wike fan maaie de 6194 meter hege top te berikken. Twa jier lyn mislearre in ekspedysje fan de Skylgers op deselde berch.

Doe moast in dielnimmer mei akute rêchproblemen troch in helikopter ophelle wurde. Mount McKinley stiet bekend as de kâldste berch op ierde en is berucht fanwege it ekstreme waar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)