Jistrumer bedriget plysje

03 maaie 2010 - 10:22

In Jistrumer (25) gie sneintenacht troch it lint doe't er troch de plysje oanhâlden waard foar alkoholkontrôle op de Suderstasjonsstrjitte yn De Westereen. Doe't de plysje him oanhâlde, naaide hy út. De plysje brocht him oanslutend foar in blaastest nei de plysje-auto.

Doe't de maten derby kamen ûntstie in driigjende sitewaazje. De Jistrumer rôp tsjin syn maten dat se de plysje dwerstroch skoppe moasten. De man is meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)