Soad animo fergese kaarten EVT

02 maaie 2010 - 17:45

Der binne yn april twa kear safolle minsken fia de EVT nei Skylge reizge. Dit kaam trochdat de kaartsjes fergees wiene. Benammen de wykeinen wiene populêr. De aksje fan de EVT wie as kompensaasje foar de passazjiers dy't lêst hiene fan it konflikt tusken EVT en Rykswettersteat. Rykswettersteat sette stekken del om foar te kommen dat de boaten oanlizze koene.

Fan maaie ôf jilde der rommere fartiden foar de EVT en se ferwachtsje in nije snelle boat te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)