Nij oarlochmonumint Harns

02 maaie 2010 - 17:40

It sintraal komitee yn Harns besjocht oft der yn de stêd ferlet is fan ien nij oarlochsmonumint, dêr 't alle slachtoffers fan de oarloch betocht wurde kinne. No wurdt de betinking fan de oarlochsslachtoffers noch op 6 plakken dien. Sa stiet der in monumint by de Haven. En op it Algemiene Begraafplak steane fjouwer.

De belangstelling foar de jierlikse betinking nimt ta en bestjoerslid Willem Visser fynt it spitich dat der dan eins te min plak is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)