SCO kânsleas tsjin DeetosSnel

© Omrop Fryslân
De kuorballers fan SCO koene it yn de degradaasjepûl fan de haadklasse lang net oprêde tsjin DeetosSnel. Op it keunstgers fan Aldeholtpea wie de wedstriid nei de earste helte al beslikke. De ploech út Dordrecht stie doe al op in 14-6 foarsprong.
It begjin fan de twadde helte wie foar SCO, mar de spanning kaam net werom. De einstân waard 20-13 foar DeetosSnel. SCO hat no twa kear ferlern. De nije eareklasse is sadwaande fier fuort foar SCO.