SC Hearrenfean dik de boat yn

SC Hearrenfean moat it dit seizoen dwaan mei in 11e plak
Sportklup Hearrenfean hat de lêste wedstriid fan it seizoen mei 6-2 ferlern fan Feyenoord. De Feansters kamen troch Grindheim yn de 11e minút op in 1-0 foarsprong. In minút letter wie it al wer 1-1 troch Roy Makaay. Viktor Elm soarge noch wol foar in 2-1 foarsprong foar de Feansters. Troch noch twa doelpunten fan Roy Makaay, en goals fan De Vrij, Tomasson en Bahia waard de einstân 6-2.
Hearrenfean einige dit seizoen op in alfde plak.