Man bestellen yn Drachten

02 maaie 2010 - 11:52

Op de Leidijk yn Drachten is fannacht in man mishannele en bestellen fan syn telefoan. De plysje wie yn de buert en doe't dy foarbykaam, fertelde de man wat der bard wie. Hy koe in goede beskriuwing jaan fan de twa dieders.

De plysje hat yn de buert oan it sykjen west en seach ien fan de twa manlju rinnen. Dy ferstoppe him gau yn de boskjes. Letter koe ek de oare man noch oppakt wurde. Beide binne meinommen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)