SP: 'Mear dwaan foar Saailân'

Skets fan it nije Saailân yn Ljouwert
De fraksje fan de SP yn de gemeenteried fan Ljouwert wol fan it kolleezje witte oft der net mear dien wurde kin foar winkellju op it Saailân. Dêr wurdt drok wurke oan in nije parkeargaraazje en it nije Fries Museum.
Neffens de SP is de skea foar ûndernimmers folle grutter as tocht. In soad klanten soene fuortbliuwe, troch de wurksumheden. De SP fynt dat it kolleezje fan B&W fluch yngripe moat, om mear problemen foar te kommen.