'Heech foar it hiele gesin'

Heech is net allinnich yn trek by de jeugd
Yn Heech is it wettersportseizoen offisjeel iepene. De ûndernimmers fan Heech hienen yn gearwurking mei De Hegemer Dekdweilers in feestlike middei op De Syl yn it sintrum fan it doarp regele. Der wienen sân dweilorkesten op it evenemint ôfkommen en besikers koenen priuwe fan hapkes dy't troch ynwenners makke wiene.
Neffens de organsiaasje wurdt Heech fan in fakânsjebestimming foar jongeren hieltyd mear in bestimming foar it hiele gesin.