Ferkearsproblemen by Ljouwert

01 maaie 2010 - 17:34

Ferkearsproblemen sneon op de neimiddei yn Ljouwert. Op in bepaald stuit koe it ferkear oan de súdkant de stêd net mear út. De Drachtsterbrêge wie earst ticht troch in oanriding. Letter koe er troch in technysk mankemint net mear nei ûnderen. De Drachtsterbrêge wie goed fiif oere wer klear. Op de Van Harinxmabrêge hie in kettingbotsing west. Ek dêr koe it ferkear de stêd net út.

Op de spoarline Ljouwert-Grins woene de bomen net mear omheech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)