Festival Flylân al útferkocht
It muzykfestival Into_the_Great_Wide_Open op Flylân wie sneon yn in heal oere útferkocht. Dat hat de organisaasje bekend makke. In heal oere nei´t de onlineferkeap begûn wie, wiene alle fiiftûzen kaarten fuort. It festival sit dêrmei oan syn maksimale kapasiteit.
It festival is op 3, 4 en 5 septimber. It is de twadde kear dat Into_the_Great_Wide_Open organisearre wurdt. Op it evenemint trede ûnder oaren bands op as Caribou en Wolf_Parade
Trefwurden:
argyf