Ferwûnen by auto-ûngelokken

01 maaie 2010 - 14:53

By twa ûngelokken yn Menaam en Ljouwert binne freed twa minsken ferwûne rekke. In 85-jierrige automobilist út Menaam rekke fan de dyk doe't er yn in bocht gas joech en net ôfremme, wat de bedoeling wie. Hy botste tsjin twa auto's en moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. De man is nei it sikehûs brocht. Sjoen syn leeftyd is it rydbewiis fan de man ynnaam.

In 47-jierrige Urker rekke ferwûne by in ûngelok by de Werpsterhoeke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)