Damwâldster drankrider oppakt
In 22-jierrige automobilist út Damwâld is freedtejûn mei syn auto yn it wetter by it Oastein by Feanwâlden rekke. De man koe sels út de auto komme en gie rinnendewei nei hûs.
De plysje kaam fia it kenteken achter it adres fan de man en socht him thús op. De man hie te folle dronken. Hy is oanhâlden en syn rydbewiis is ynnaam.