Fryske Float fiert jierdei

30 apr 2010 - 15:28

It giet de Friese Vloot foar de wyn. De nije klup fan tradisjonele sylskippen bestiet sûnt in jier en hat net te kleien oer it tal boekings.

De 21 skippen fan de Fryske Float wiene de ôfrûne jierren ûnderdiel fan de Enkhuzer grutte broer Naupar. In grutte organisaasje fan goed 140 sylskippen. De skippers fan de Fryske Float, dêr't de measten fan Starum as thúshaven hawwe, fielden har dêr net op har plak en begûnen in eigen klup.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)