FrieslandCampina fjirde plak
Op trije grutte Nederlânske bedriuwen nei hat suvelkonsern FrieslandCampina de bêste reputaasje ûnder Nederlânske konsuminten. Yn in ranglist fan de 30 grutste bedriuwen stiet Philips boppe-oan, folge troch de Rabobank en loftfeartbedriuw Air France-KLM.
FrieslandCampina stie ferline jier noch op plak trije, mar is sakke nei fjouwer. De reputaasjeranglist wurdt alle jierren gearstald út ûndersyk fan it Reputation Institute.
Trefwurden:
argyf