Jonge mislediget konduktrise

30 apr 2010 - 13:51

In 18-jierrige ynwenner fan Tytsjerk is tongersdei oanhâlden foar swartriden yn de trein. De jonge waard troch de konduktrise oansprutsen, mar koe dus gjin kaartsje sjen litte. Hy wegere ek om identifikaasjepapieren sjen te litten. Doe't de konduktrise him dêrop oanspruts waard de jonge lilk en misledige har.

De konduktrise warskôge de plysje, dy't him op it stasjon yn Hurdegaryp oanhâlde koe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)