Soad ferkearsboetes op Skylge

30 apr 2010 - 13:46

By in snelheidskontrôle fan de plysje op de trochgeande dyk fan Skylge binne 380 bekeurings útdield, foar it mearendiel oan eilânbewenners. Ferline jier is de kontrôle ek hâlden en doe waarden 250 bonnen útdield oan autobestjoerders.

Maatregels dy't troch de gemeente naam binne om de dyk fan West nei Hoarn feiliger te meitsjen ha net folle effekt. Op de measte plakken is de maksimale snelheid 50, mar op plakken mei ek 60 of 80 riden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)