Oare parkeartariven yn Snits

30 apr 2010 - 12:16

Parkearen bûten it sintrum fan Snits wurdt in stik goedkeaper. Yn it sintrum sels wurdt it krekt wat djoerder. Sa hopet it kolleezje fan boargemaster en wethâlders de druk op it sintrum lichter te meitsjen.

Minsken parkeare har auto neffens it gemeentebestjoer fierstente maklik yn it sintrum, om't it eins itselde kostet as op ien fan de parkearplakken fierderop. Dêrtroch stiet it gau fol en dat soarget foar in protte oerlêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)