Definsje makket Flyhors skjin

30 apr 2010 - 11:08

In spesjalisearre bedriuw sil fan heal maaie ôf it militêre terrein op de Flyhors op Flylân skjinmeitsje. Yn opdracht fan Definsje wurde mei spesjale apparatuer munysjeresten út de boppeste 20 sm sân seefd. Dy munysjeresten binne fan de oefeningen dy't boppe it terrein hâlden wurde.

It skjinmeitsjen fan it terrein bart alle jierren. It is ien fan de betingsten foar Definsje om op de Flyhors oefenje te meien. It skjinmeitsjen duorret oardel moanne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)