Frysas tusken wâl en skip

It stipepunt foar oanpaste sporten Frysas wurdt de dupe fan de rinnende takediskusje tusken de provinsje en Fryske gemeenten. Frysas advisearret en stipet minsken dy't klear binne mei in revalidaasjetrajekt om in passende sport te finen. Dêrfoar krige se fan de provinsje jierliks 60.000 euro.
Sûnt begjint dit jier krijt Frysas gjin jild mear om't de provinsje wol dat gemeenten dit bedrach betelje. Der binne lykwols noch gjin dúdlike ôfspraken oer de subsydzje makke.