Auto botst tsjin peal

Foto Anton Kappers
In 25-jierrige automobilist út Drachten is tongersdeitenacht ferwûne rekke op de Overijsselsewei by Ljouwert. De man botste troch noch ûnbekende oarsaak tsjin in peal fan de ferkearsljochten by de krusing by Goutum. De auto rekke swier skansearre.
De automobilist is earst nei it sikehûs brocht en dêrnei meinaam nei it plysjeburo. Dêr die bliken dat de man mei drank op riden hie. Syn rydbewiis waard ynnaam.