Ein oan parkearprobleem Snits

De bou fan in grutte parkeargaraazje oan it Boschplein yn Snits moat de parkearproblemen yn de stêd definityf oplosse. Yn dizze garaazje kinne hast 500 auto's parkeare en benammen yn it wykein binne dy plakken hurd nedich. Troch de wike is it de bedoeling dat û.o. de wurknimmers fan de gemeente dêr de auto kwyt kinne.
Tongersdei waard it offisjele startsein jûn foar de bou fan de garaazje mei dêr boppe op twa supermerken en apparteminten.