Cambuur live te sjen by Omrop

29 apr 2010 - 21:03

Omrop Fryslân stjoert de earste twa wedstriden fan Cambuur yn de neikompetysje tsjin Go Ahead Eagles rjochtstreeks út op televyzje. Ek de radio is der beide wedstriden rjochtstreeks by. Supporters sûnder kaartsje kinne de wedstriid dus thús folgje.

Cambuur spilet de earste wedstriid op tongersdei 6 maaie yn Deventer jûns om 19.00 oere. De twadde is op 9 maaie yn Ljouwert en begjint om 14.30.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)