Opknapbeurt begraafplak los

29 apr 2010 - 17:32

De restauraasje fan it âlde Ljouwerter stedsbegraafplak set takom wike lang om let út ein. Dêrmei komt foar in soad ynwenners fan 'e stêd in winsk fan jierren út.

In pear jier ferlyn die it fertutearze tsjerkhôf mei oan it AVRO-tillevyzjeprogramma De Restauratie. It begraafplak grypte úteinlik neist de haadpriis. Fia de gemeente is der no dochs noch jild beskikber foar in opknapbeurt. De put sil sawat twa jier duorje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)