Advertinsje foar wethâlders

Foto: www.harlingen.nl
De koalysjepartijen yn Harns sette takom wike in advertinsje yn 'e krante foar it finen fan nije wethâlders. De partijen D66, GrienLinks, de SP, Harnzer Belang en Frisse Wind wolle sa twa wethâlders fine. Dy krije dan de opdracht de boarger tichterby de polityk te bringen.
De partijen hoopje dat de proseduere sa koart mooglik duorret. Dochs kin it ek wol septimber wurde foar't der in nij kolleezje sit.