Fytse foar WK fuotbal 2018

29 apr 2010 - 12:35

Op It Hearrenfean is tongersdeitemoarn in fytsestafette út ein set om it wrâldkampioenskip fuotbal yn 2018 of 2022 nei Nederlân te heljen. Hearrenfean is dan ien fan de mooglike spylstêden.

De earste etappe giet nei Enschede. Dêrwei giet it oer de oare spylstêden nei Zürich ta yn Switserlân. Dêr sil de Nederlânske nominaasje oanbean wurde oan 'e FIFA. Ald-reedriidkoach Henk Gemser is ien fan 'e dielnimmer oan 'e estafette.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)