SP'ers oanhâlden foar fraude
De plysje hat trije leden fan de wurkgroep SP Skarsterlân oanhâlden. Se hawwe in falske hanteken fan Jan Marijnissen op 'e kieslist set. Dat diene se om meidwaan te kinnen oan 'e gemeenteriedsferkiezings.
It giet om in 48-jierrige frou fan It Hearrenfean, in 48-jierrige man út Aldehaske en in 52-jierrige man fan De Jouwer. De man fan Aldehaske sit noch fêst. De plysje wol witte wa't de hanteken set hat.
Trefwurden:
argyf