Botsing: brommer yn 'e brân

In 17-jierrige brommerrider út Gerkeskleaster is woansdeitejûn ferwûne rekke by in oanriding. Hy kaam mei syn brommer troch noch ûnbekende oarsaak yn botsing mei in oare brommer. Dat wie op de Sarabos yn Strobos.
De brommer fan 'e jonge fleach troch de oanriding yn 'e brân. De jonge is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. Dêr die bliken dat er tefolle dronken hie. De oare brommerrider rekke net ferwûne.