Ried Ljouwert foar besunigings

29 apr 2010 - 09:54

De mearderheid fan de Ljouwerter gemeenterie is foar de grutte besunigings fan it nije kolleezje. De gemeente moat de kommende jierren 12 miljoen euro minder útjaan en wol dat ûnder oare op kultuer dwaan. Benammen it plan om kultureel sintrum Parnas te sluten en omrop Mercurius minder te jaan roppe in soad protesten op.

De diskusje oer de besunigings is noch net útiten. Dit wie noch mar it earste yn in searje debatten oer it kolleezjeprogramma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)