Mercurius wol juridyske aksje

Lokale omrop Mercurius ûndersiket juridyske mooglikheden tsjin de gemeente om de strukturele subsydzje te behâlden.
It nije gemeentebestjoer wol de subsydzje fan goed 40.000 euro yn it jier skrasse. It bestjoer fan Mercurius ferwachtet dan tolve personielsleden dien jaan te moatten. Fierders soe de programmearring op radio en tillevyzje yngripend oanpast wurde moatte.