Grutte opkomst protest Parnas
Inkele hûnderten minsken hawwe woansdeitejûn protestearre tsjin de mooglike sluting fan kultureel sintrum Parnas. Se diene dat by it stedhûs dêr't de gemeenterie fan Ljouwert praat oer de besunigings.
De gemeente wol it sintrum slute. Se wolle it kultureel ûnderwiis graach by de wiken ûnderbringe.