Kontrôle op A32
De plysje hâldt woansdei in ferkearskontrôle op de A32 tusken It_Hearrenfean en Wolvegea. It giet om in kontrôle fan frachtferfier, wêrby´t frachtauto´s en auto´s mei in karre besjoen wurde. Ek wurde taksys kontroleard.
By de kontrôle wurde ek plysjes yn oplieding ynset. Dy wurde by de A32 taret op in eksamen dat se takom wike ôflizze moatte.